News

It giet oan; WordPress yn ‘t Frysk

It giet oan; WordPress yn ‘t Frysk


It giet oan. Fan hjoed ôf is it meast populêre kompjûterprogramma lang om let einliks te brûken yn ‘t Frysk. In heuglik feit dêr’t in protte wurk yn sitten hat fan mysels, mar benammen it oersettiim fan de Ried fan de Fryske Beweging mei Wolter Jetten hawwe in bealchfol wurk ferset by it oersetten.

Fan de haadside ôf kinne jim WordPress Frysk lyk downloade.

8 antwurden op “It giet oan; WordPress yn ‘t Frysk”

    1. Graach dien. We binne der sels ek tige wiis mei 🙂

  1. Sjoerd Groenhof Avatar
    Sjoerd Groenhof

    Prachtich goed dien, sil der mei dwaande. Sa stadich oan buorket it Frysk goed oan de digitale sneldyk.

  2. Berend Ytsma Avatar
    Berend Ytsma

    A, moai dat der wer mear ynternet yn it Frysk is.

    It groeid noch eltse dei.

    No noch in kear goed neirinne om it rjochting de standert te krijen.

    Delhelje en tafoegje wurde bygelyks net brûkt yn in soad programma’s
    Ynlade en taheakje it stikmannich mear

    –Groetnis
    Berend
    Oersetter fan u.o. KDE en Opera Software

  3. Hmm spitich dat ik no by in soad tema’s tsjin problemen mei de oersetting oanrin.. dan pakt ‘er wer de NL/ENG oersetting om’t it tema noch neat fan it Frysk ôfwit.

    1. Dat hat te krijen mei dat der faaks ek in oersetting fan it tema yn’t Frysk nêdich is. Mei in program as PoEdit kinst in eigen oersetting fan dyb tema meitsje.

  4. Dêr wie ik al bang foar. Tank foar de útlis.

Reagearje